Liet 2011

Ynskriuwing Liet 2012 is begûn

Wa giet der foar Fryslân nei Gijón / Xixón?

Nei in prachtich festival yn Udine, Itaalje, sil yn 2012 de finale fan Liet International hâlden wurde yn it Noard-Spaanske stêd Gijón/Xixón. De winner fan Liet 2012 sil Fryslân dêr yn novimber fertsjintwurdigje.

De finale fan Liet 2012 wurdt hâlden op 5 maaie yn Ljouwert, ûnder it Befrijdingsfestival Fryslân. De heale finales sille plakfine op freed 9 en sneon 17 maart. In saakkundige sjuery sil hjirfoar 20 dielnimmers selektearje. Twa ekstra dielnimmers kinne in wildcard fertsjinje troch publyksstimmen fia ynternet te ferkrijen.

Fryske formaasjes dy’t meidwaan wolle, kinne harren hjir oant uterlik 11 febrewaris 2012 ynskriuwe. It ynskriuwen kin fia ús webstee of troch it stjoeren fan in e-meel nei liet2012@gmail.com. De dielnimmers ûntfange dan in ynskriuwformulier mei ynformaasje oer de dielname.

Liet is in wedstryd foar muzikanten en bands dy’t in nij liet yn de Fryske taal of yn ien fan de Fryske streektalen nei foarren bringe. Fan folk oant hiphop en fan blues oant metal. Alles mei, as de tekst en de komposysje mar orizjineel is. Yn it ferline hawwe bekende Fryske artysten, lykas Twarres en Nynke Laverman al namme makke op Liet. De lêste jierren kinne sawol it Fryske sjongfestival Liet as de yn Fryslân ûntwikkele fariant Liet International rekkenje op in hieltyd gruttere belangstelling. Yn 2010 helle de band Equal Souls in tredde plak yn Loriënt (Bretagne). Ofrûne jier, yn it Italjaanske Udine, wie Janna Eijer de winnares. Wy binne dan ek tige benijd wa’t yn 2012 foar Fryslân nei Spanje ta sil.

Download ynskriuwformulier

Janna Eijer wint Liet 2011 mei 1 Klap

Janna Eijer út Jobbegea hat sneontejûn de tweintichste edysje fan Liet wûn. Se die dat mei it selsskreaune nûmer ‘1 Klap’, dat se brocht mei eigen pianobegelieding. Janna krige fan de sjuery fjouwer punten mear as nûmer twa Lammertjan & Jelte. De publykspriis gie nei popkoar ‘FromUs’ út Dronryp mei ‘Net genôch’.

Fanwege it jubileum waard Liet yn de bûtenloft hâlden, op de Ljouwerter kenniskampus. Janna mei fanwege har winst Fryslân fertsjinwurdigje op Liet Ynternasjonaal, yn Udine, Itaalje.