Liet 2010

Equal Souls winne Liet 2010De band Equal Souls út Rotterdam hat de sjuerypriis fan Liet 2010 wûn. Mei it liet Do swalkest makke de formaasje fan sjongeres Janneke Brakels in soad yndruk op de sjuery. De earste Ivan Pel publykspriis waard wûn troch Louiza Saitova fan Wâldsein mei har liet ‘Rêden troch muzyk’.

Equal Souls sil de kommende hjerst Fryslân fertsjintwurdigje op Liet Ynternasjonaal 2010. Liet Ynternasjonaal is dit jier op sneon 27 novimber yn it Bretonske Lorient.   
 
The Equal Souls wiene út de skroeven. Sy krigen de Liet-trofee fan wethâlder Isabelle Diks. De Ivan Pel publykspriis waard útrikt troch Carla Pel, de frou fan Ivan. 

De útslach fan Liet 2010:
1.) Equal Souls, 54 punten
2.) Carla de Wal, 36 punten
3.) Louiza Saitova, 32 punten
4.) NNB, 31 punten
5.) Van Geeft ‘M, 30 punten
6.) Ramsk, 29 punten
7.) Fjoerich famke, 27 punten
8.) Rob du Jardin, 21 punten
9.) Carolien Hunneman en de Sluus, 20 punten
10.) Nynke en Wiljo, 6 punten
11.) The Oak and the Ash, 4 punten