Oer pumps en in fleugel: Janna Eijer op Liet Internationaal
Sneon 7 jannewaris
Op sneon 19 novimber waard yn it Noard-Italjaanske Udine Liet Ynternasjonaal hâlden.
Dirk Hofstede en Albert Jensma reizgen mei om ferslach te dwaan fan dit ‘oare’ Europeeske
sjongfestival. In nijsgjirrich treffen, want oan dit festival dogge allinnich artysten mei dy’t
muzyk meitsje yn in minderheidstaal. Sy komme út streken dêr’t it trochstrings klauwen is om
de memmetaal oerein te hâlden en yn guon gefallen minder as 10.000 minsken de taal noch
prate. De dielnimmers kamen út ûnder oare Udmûrtsië, Friûlië, Karelië, Baskelân, Laplân,
Fryslân, Switserlân, Ierlân, Skotlân, Asturië en de Italjaanske Dolomiten.
In ferrassende reis. Want de bedoeling fan de makkers wie in portret te meitsjen fan de
Fryske dielnimmer Janna Eijer (22) fan Jobbegea. Mei de hope dat se heech einigje
soe. Mar se wisten ek dat dy kâns lyts wie, omdat guon oare dielnimmers al jierren as
professional muzyk meitsje. Mar as Janna dy jûns as ien fan de lêsten mei har nije high
heels pumps it poadium opknoffelt en foarsichtich efter de fleugel skoot, wurdt it hiel stil yn
de seal. Fjouwer minuten letter folget in applaus dat net wer ophâldt. De sjuery stiet fersteld.
Liet Ynternasjonaal, 17:05 oere en dêrnei fan 18:17 oere ôf alle oeren op Omrop
Fryslân Televyzje. Besjoch dit programma on-line.
Janna Eijer wint Liet International yn Itaalje
De jonge Fryske sjongeres Janna Eijer (22) út Jobbegea hat op sneon 19 novimber yn it Italjaanske Udine de achtste edysje fan Liet International wûn. Liet International is it grutte ynternasjonale sjongfestival foar nije ferskes yn Europeeske minderheidstalen. Utsein út Fryslân wienen der yn Udine ek dielnimmers út Ierlân, Eastenryk (Burgenland Kroaten), de Val Badia (Ladiniërs), Skotlân, Karelië yn Ruslân, Udmurtië yn Ruslân, Friulië yn Itaalje, Switserlân, Noarsk Laplân, en Baskenlân en Asturias yn Spanje. Janna Eijer wie ôffurdige nei Udine as de winnares fan it Fryske sjongfestival Liet earder dit jier. Sy wie de ienigste soliste fan de tolve dielnimmers. Der waar op Liet International songen yn it Iersk, Kroatysk, Gaelic, Sami, Ladinysk, Vepsysk (Karelië), Ladinysk (Súdtirol), Udmurtysk (in Finoegryske taal ut Ruslân), Friulysk, Rhaetoromaansk (Switserlân), Baskysk en Asturysk.
Tusken de stevige rockmuzyk ut Baskenlân en Asturias en de folk út Skotlân en Ierlân fûl Janna Eijer op troch har gefoelige ballade “Ien klap”, in nûmer dat se sels skreaun en komponearre hat. Súntsjes sjongend krige hja it útferkochte Teatro Giovanni da Udine stil. De sjuery besteande út 12 persoanen – mei ien sjuerylid foar eltse dielnimmende regio – makke fan de puntetelling in tige spannende oangelegenheid. Pas by it lêste sjuerylid, Orla Sweeney út Ierlân, passearre Janna Eijer mei twa punten de Udmurtyske band Silent Woo Gore út de Russyske Federaasje. It is foar it earst yn it bestean fan Liet International, in Fryske inisjatyf, dat de Fryske finalist it sjongfestival wint. Eardere winners fan Liet International kamen út Kataloanje, Korsika, Laplân (4x) en de Faroër eilannen.
De publykspriis gong nei Coffeeshock Company, in enerzjike reggae, hiphop, rap-formaasje út Burgenland (Kroatysk), yn it easten fan Eastenryk. In grutte, fanatike oanhing wie meireizge nei Udine.
Janna Eijer in Udine
De folsleine line-up fan Liet International 2011:
* Skama la Rede – Asturië, winner fan de Premiu al meyor cantar
* Noid – Vepsyktalige band út Karelië, Ruslân
* Rollfa – Sámi út Noarwegen, winner fan de Sámi Grand Prix
* Manam – Gaelic band út Skotlân
* The Silent Woo Gore – Udmurtië, Russsyke Federaasje
* Siroka – Rockband út Baskelân
* Aoife Scott – Ierlân
* Janna Eijer – Fryslân, winneres fan Liet 2011
* Priska – Friûlyske band, spilet in thúswedstriid
* Coffeeshock Company – Kroatyske band út Eastenryk, de winner fan sjongfestival Suns
* Cuntra Löm – Ladinyske band út Italië, de winner fan de publykspriis fan Suns
* Rezia Ladina – Rumantsch sjongeres út Switserlân, winneres fan it earste Rumantsch sjongfestival











