Bandleden Rymmaster Malde DJ Commodig Plietsche Torbän
is in jonge rapband út Berlyn. De leden
hawwe harren roots allegearre yn Bremen en omkriten en binne fanwege de stúdzje yn haadstêd Berlyn bedarre, dêr’t boppedat in soad te beleven is op it mêd fan kultuer en muzyk. De fofftig Penns meitsje rapmuzyk yn it platdúts, en dat is foar de platdútse muzykscene frijwat fernijend. Njonken 50 cents (sjoch mar nei de namme) neame se ek de Nederlânske Jeugd van Tegenwoordig as ien fan harren grutte foarbylden. Dat is net nuver as je wite dat ien fan ‘e MC’s, rymmaster Malte, yn Amsterdam wenne en studearre hat. De leafde foar de Jeugd van Tegenwoordig sit sels sa djip dat de manlju harren weage hawwe oan in eigen Platdútske ferje fan de hit Watskeburt: Watspasseert. Op it sjongfestival bringe se it nûmer Platt, want covers binne – útsoarte – net tastien by Liet Ynternasjonaal.
De fofftig Penns binne pas in lyts jier wat serieuser mei de muzyk dwaande. De earste reaksjes op harren optredens – benammen yn harren Heimat yn de streek tussen Oldenburg en Bremen – optein. Meidwaan oan Liet Ynternasjonaal fine se in eare en se nimme dan ek in lytse fanklub op sleeptou nei Ljouwert.









