Liet 2010

Bandleden:
Fiach
David Lawless
Peter Cheevers

Schermafbeelding 2009-09-29 om 12.02.54 Fiach

komt út Dublin en jildt as ien fan de bêst bewarre geheimen fan de Ierske muzykyndustry, sa seit er sels mei de nedige selsspot. Mar as it oan Fiach leit wurdt dat meikoarten oars. De 25-jierrige Dubliner presintearret syn alderearste cd op 29 oktober, twa dagen foar Liet Ynternasjonaal. Dy nije cd – en mooglik ek syn optreden op Liet Ynternasjonaal – moatte as it heal kin in ein meitsje oan syn relative ûnbekendheid.

Fiach wûn earder dit jier de sjueryprijs fan it Keltyske sjongfestival Nos Ur mei de gefoelige rockballad Sea Taim. Fiach hat in Ierlân al mei ferskate grutte artysten – lykas Sinead o Connor – op it poadium stien. Ek stiet der muzyk fan him op de cd Ceol fan de bêste hjoeddeiske Gaelic-sjongende artysten. Fiach sjongt njonken it Gaelic ek wol yn it Ingelsk, mar eins fynt er it ek yn it Gaelic folle moaier.

Ympresje