Bandleden Ingars Gusans Gints Stankevics Maris Loveniks Raitis Auksmuksts
komme út it easten fan Letlân en sjonge yn it Latgalysk, in minderheidstaal dy’t yn it easten fan Letlân praat wurdt. De Sovvalniks binne ferline jier oprjochte as in tydlik projekt mei as doel om moderne Latgalyske poëzij op muzyk te setten. It projekt hat oant no ta tsien lieten opsmiten op teksten fan fjouwer Latgalyske dichters. Fan fjouwer fan dy nûmers waard ek in fideoklip makke. It projekt wie yn Letlân sa’n súkses dat de Sovvalniks op fersyk fan muzykleafhawwers fierder gifen binne as in súksesfolle liveband mei fjouwer leden. En o ja, Sovvalniks betsjut yn it Latgalysk safolle as dogeneat.









