Liet 2010

Bandleden
David Nicolson
Brian Macleod
Michael Macdonald
Ryan Smith
Schermafbeelding 2009-09-29 om 12.07.08

Sunrise non Secular

komt fan it eilân Lewis, ien fan de Skotse Hebriden

Sunrise non Secular wûn yn juni de publykspriis op it Keltyske sjongfestival Nos Ur yn Inverness.

It giet om in jonge band, dy’t – sa sizze se sels – benammen ynspirearre wurdt troch bands as Runrig en de Macdonald Brothers (beide út Skotlân) en Paolo Nutini. It giet om eilanbewenners mei ambysje, dy’t gauris op de boat stappe foar in optreden. Se spilen it ôfrûne jier op mar leafst fiif Skotse festivals lykas it Loch Lomond Folkfestival en it winterfeest fan Glasgow en de earste cd waard presintearre mei in toer fan twa wike troch hiel Skotlân. De band jildt as de bêste nije Gaelic-rockband fan de lêste jierren. No kin dat al gau, want de mienskip fan Gaelicpraters yn Skotlân telt mar sa’n 50.000 minsken. Boppedat binne de Gaels tradisjoneel mear warber op it mêd fan folkmuzyk en tradisjonele muzyk.

Ympresje