Bandleden Zine Benoît Seyrat
is in sjongers út Nizza, sa as
de stêd Nice hjit yn it Oksitaans, de grutte taal fan it suden fan Frankryk. Zine sjongt yn it Provençal (of eins it Nissart, om krekt te wêzen) en yn it Frânsk. Se makket yn har muzyk in nijsgjirrige kombinaasje fan tradisjonele dûnsmuzyk út de tiid fan har pake en beppe, mei nijmoadrige elektroanyske ynfloeden.
Zine is net allinnich muzikante, se is ek ûnderwizeres oan de iennichste Oksitaansktalige Calendreta-skoalle fan Nice en omjouwing. Zine is ien fan de meast nijsgjirrige nijkommers yn de rike Oksitaanske muzykscene fan de lêste jierren. Har persoanlike eftergrûn is like nijsgjirrich. Zine waard berne yn Marokko en is heal Korsikaansk-heal Piemontais. It Nissart, de taal fan Nice, learde se doe’t se har dêr nei wenjen sette.
De optredens fan Zinne hawwe wat teatraals en clowneftichs. Ek is it gauris in ferrassing mei hokfoar kleur hier Zine it poadium op stapt. Koartsein, je ferfele is útsletten mei dizze kleurrike jongedame fan ‘e Middellânske Seekust.
Ympresje:









