Sjongfestival Liet Ynternasjonaal
Sjongfestival Liet Ynternasjonaal wurdt op sneon 31 oktober organisearre yn stedsskouboarch De Harmonie te Ljouwert. Liet Ynternasjonaal is yn 2002 yn Fryslân betocht en ûntwikkele om eigentiidske bands dy’t yn in minderheidstaal sjonge in poadium te bieden.
Yn sân jier tiid is Liet Ynternasjonaal útgroeid ta in alternative tsjinhinger fan Eurovisie, dêr’t sjongen yn it Ingelsk ferbean is. Liet Ynternasjonaal wurdt organisearre troch de Fryske Stichting Liet International yn gearwurking mei bûtenlânske partners.
It ynternasjonale netwurk fan Liet Ynternasjonaal groeit yn heech tempo. Fan de alve dielnimmers oan Liet Ynternasjonaal komme der sân nei Ljouwert as winner fan in sjongfestival yn harren eigen regio.








