Liet 2010

Nijsbrief  1.0

De earste nijsbrief!! Om jo op de hichte te hâlden fan it ynternasjonale sjongfestival Liet Ynternasjonaal sille we yn de wiken foar it festival gergeld in nijsbrief ferstjoere mei de lêste nijtsjes en wichtige oare ynformaasje.

Sjongfestival Liet International wurdt op sneon 31 oktober hâlden yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Oan de sechde edysje wurdt meidien dtroch bands en singer-songwriters út Asturias (Spanje), Finsk Laplân,  Fryslân, Friulië yn Italië , Ierlân, Karelië yn Ruslân, Letlân, Oksitanië yn Frankryk en Skotlân. Ek komt der in jonge band út Berlyn, dy’t yn it Platdúts rapt en De jeugd van tegenwoordig as wichtich foarbyld beskôget. Under oan it nijsbrief stiet in oersjoch fan hokker bands der nei Ljouwert komme.  Schermafbeelding 2009-09-29 om 12.14.50

Dielnimmers oan Liet Ynternajosjonaal 2009:

Alfredo Gonzalez | Asturias
Somby | Sami út Finlân
It Langstme en de dea | Fryslân
Fiach | Ierlân
Dr. Drer & Crc Posse | Sardinië
Sunrise non Secular | Skotlân
Zine | Oksitanië
De fofftig Penns | Dútslân
Sovvalniks | Letlân
Sattuma | Karelië
Lino Straulino | Friulië

Kaartferkeap

De kaartferkeap foar Liet International is útein set op  www.harmonie.nl en ek oan de service baly in stedsskouboarch De Harmonie.  De kaarten kostje €17,50 eksl. service kosten. Op de website www.liet.nl is mear ynformaasje te finen oer de kaartferkeap.

Iepeningstijden service baly

Fan moandei oant en mei sneon, fan 12.00 oant 18.00 oere. Yn de jûnsoer en op snein is de kassa allinnich iepen foar de foarstellings fan dy dei.

Adres stedsskouboarch De Harmonie:
Ruterskertier 4  8911 BP Ljouwert

Website

De lêste wiken is der hurd wurke oan in nije website mei allerhanne ynformaasje oer it festival lykas programma, kaartferkeap,  filmkes fan de dielnimmers, muzyk en fansels ek de nedige eftergrûnynformaasje oer de dielnimmende bands en singer- songwriters.

www.liet.nl

As jimme as kontaktpersoanen, mediapartners of besikers noch tips, fragen of op- en oanmerkings hawwe dan kinne jimme dy altiten kwyt op  ús emailadres lietint@gmail.com.