Besites oan trijetalige basisskoallen
Njonken Liet Ynternasjonaal sels is der noch in aktiviteit wêrby’t de dielnimmers oan it sjongfestival sintraal steane. Op freed 30 oktober sille fiif fan de alve dielnimmers in besite bringe oan in trijetalige basisskoalle. Se sille hjir ymprovisearjenderwiis ek lytse ûnfersterke optredens jaan. Fierder is it doel fan ‘e besite dat se de bern ek les jouwe oer harren eigen taal en kultuer. Foar de bern in moaie manier om yn ‘e kunde te kommen mei ien fan de tsientallen minderheidstalen.
De skoallen dy’t dat wolle krije ek de kâns om nei Liet Ynternasjonaal te kommen sadat se harren band oanmoedigje kinne.
De skoallen en de bands:
De Tsjelke yn Holwert, Sunrise non Secular
De Mienskip yn Bûtenpost, De Sovvalniks
Op ‘e Trije yn Ferwert, Sattuma
Ids Wiersma skoalle yn Brantgum, Zine
De Frissel yn Feanwâlden, SomBy
De keppeling fan fiif bands oan in trijetalige basisskoalle bart op útnoeging fan deputearre Jannewietske de Vries. De besite oan de basisskoallen is regele en wurdt begelaat troch it Taalsintrum Frysk fan ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin yn Drachten.








