Liet 2010

Dielnimmers oan Liet Ynternasjonaal 2009

Alfredo Gonzalez
De winner fan de Premiu al Meyor Cantar yn Asturias, Spanje. Alfredo Gonzalez hat de ôfrûne winter it Asturyske sjongfestival Premiu al Meyor Cantar wûn mei it liet ‘La Nada y Tu’, dat safolle betsjut as ‘It grutte neat en Do’. Alfredo Gonzalez sjongt en kin ek treflik út de fuotten op de piano en de gitaar. Lês mear

SomBy
In jonge Sámi rockband út it noarden fan Finlân, fier boppe de poalsirkel. De band makket stevige rockmuzyk en wurdt ynspirearre troch ûnder mear Finske rock lykas Him dy makket. Lês mear

It Langstme en de Dea
De ûnferwachtse winner fan Liet 2009. Dizze band is  in Popakademyproject fan Laurens van der Meulen, in muzikale tûzenpoat mei in eigen studio yn de Ljouwerter Blokhúspoarte, it nije broeinêst fan kreativiteit yn de Fryske haadstêd. De band spilet Fryske Indierock. Lês mear

Fiach
komt fan Dublin en jildt as ien fan de bêst bewarre gehein fan de Ierske muzykyndustry, sa seit er sels. Mar as it oan him en syn ambisjeuze manager Orla leit komt dêr ynkoarten feroaring yn, want op 29 oktober, twa dagen foar Liet Ynternasjonaal, presintearret Fiach syn alderearste cd, fansels yn Baile Atha Claith, de offisjele namme fan Dublin.  Dy cd, dy’t op de Ierske radio al in soad draaid wurdt, en mooglik ek syn optreden op Liet Ynternasjonaal moatte de karriêre fan Fiach de wyn yn ‘e seilen jaan.
Lês mear

Sunrise non Secular
Dizze jonge band fan it Skotse eilân Lewis wurdt nei eigen sizzen benammen ynspirearre troch bands as Runrig, Paolo Nutini en fansels de MacDonald Brothers. (Wa kin se net?) De jonges binne net sûnder ambysje, want it ôfrûne jier spilen se op fiif gruttere Skotse festivals lykas it Loch Lomand Folkfestival en it Glasgow Winterfeest. Op ien fan dy festivals, Keltyske sjongfestival Nos Ur, fertsjinnen se harren ticket nei Liet Ynternasjonaal.
Lês mear

Zine
In sjongeres út Nizza, sa as de grutte stêd yn Súd-Frankryk yn it Oksitaansk hjit.  Zine sjongt yn it Provençal en yn it Frânsk. Se makket yn har muzyk in kombinaasje fan tradisjonele Frânske dûnsmuzyk mei akkordeon, de muzyk fan har pake en beppe,  mei mear eigentiidske elektroanyske ynfloeden. Lês mear

Sovvalniks
De Sovvalniks binne ferline jier oprjochte as in tydlik projekt mei as doel om eigentiidske Latgalyske poësij op muzyk te setten. It projekt hat oant  ta laat ta in reportoire fan tsiejn lieten op teksten fan fjouwer Latgalyske dichters. Fan fjouwer nmers waard ek in fideoklip makke. It projekt wie yn Letlân sa’n súkses dat de Sovvalniks op fersyk fan de fans fierder gien binne as liveband mei fjouwer leden. Sovvalniks is fierder it Latgalyske wurd foar dogeneat. Lês mear

Dr. Drer & Cre Posse
Dr. Drer – synonym fan Michele Atzori – is ien fan de minsken dy’t kleur jouwe oan de libbene muzykscene fan Sardinië, in eilân dat hjir benammen bekend is troch strânfakânsjes. Dr. Drer is njonken muzikant ek politikus en wol ien dy’t pleitet foar de folsleine ûnôfhinklikens fan syn eilân. Muzyk meitsje docht de hiphopdokter út haadstêd Cagliari al in jier as 15. Syn hjoeddeiske formaasje makket in kombinaasje fan Sardyske rap en reggaemuffin, kombinearre mei eleminten út de tradisjonele muzyk fan Sardinië. Lês mear


De fofftig Penns

binne in jonge rapband út Berlyn. De leden komme allegearre út Bremen en omkriten en binne fanwege de stúdzje ferhuze nei haadstêd. De fofftig Penns meitsje rapmuzyk yn it platdúts, en dat is op himsels al fernijend. Njonken 50 cents (sjoch mar nei de namme) neame beskôgje se ek de Nederlandse Jeugd van Tegenwoordig as ien fan harren grutte foarbylden. Lês mear

Sattuma
is in folkband út Petrozavodsk, de haadstêd fan Karelië yn de Russyske federaasje. (Karelië is de Russyske republyk dy’t tsjin Finlân oanleit en yn it fiere ferline ek by Finlân hearde. In grutte minderheid fan de befolking sprekt hjir Karelysk, in Finsk-Oegryske taal.) Sattuma is in fiifmans-formaasje, dy’t folkmuzyk makket yn de rike Karelyske tradysje. De band makket hjirby ek gebrûk fan typysk Karelyske muzykynstruminten. Lês mear

Lino Straulino
is dé singer-songwriter fan Friulië yn it Noardeasten fan Italië. Hy wûn yn septimber de earste edysje fan sjongfestival Suns yn syn heitelân mei de gefoelige ballade Doman (Friûlysk foar Morgen). Lino Straulino makke oant no ta tsien cd’s, allegearre yn de Friûlyske taal. Hy wurdt ynspirearre troch folk, rock, protestlieten en poëzij. Syn teksten binne dan ek faak de poëytske kant it neist. Lês mear