Geschiedenis
Aan de Nederlandse vertaling van dit stuk wordt gewerkt….
Liet Ynternasjonaal is untstien nei it 10-jierrich jubileum fan it Fryske sjongfestival Liet, dat yn 1991 uteinsette. Liet wie yn dy earste tsien jier utgroeid ta in ynstitut, der’t in soad Fryske bands en artysten fan namme oan meidiene. Inkelde opfallende nammen: Nynke Laverman, Piter Wilkens, Sebeare en Twarres. Johan en Mirjam ut Wergea – publykswinners by Liet – makken fansels in boppeslach doe’t harren gefoelige liet Wer Bisto? de alderearste Frysktalige numer ien waard yn Nederlan en Belgie. Yn de tiid fan dat 10-jierrich jubileum fan Liet untstie it idee om ris itselde te besykjen op Europeesk nivo. Gjin songfestival foar it beste nije liet yn it Frysk of in Fryske streektaal, mar it beste nije liet yn in Europeeske minderheidstaal. Soe dat kinne? Soe soks wurkje? Soe hjir belangstelling foar weze?
It grutte Eurovisie makke tagelikertiid in tsjinoerstelde beweging troch de regel dat dielnimmers yn de lanstaal sjonge moatte falle te litten. It wie it doetiidske bestjoer fan Stichting Liet ‘91 en de belutsen bestjoerders dudlik. As we soks wolle, dan is no it momint. De bestjoerders dy’t hjir de foarstap foar namen wiene under oare Arno Brok, doe wethalder fan kultuer fan Ljouwert, en Bertus Mulder, doe deputearre fan kultuer fan ‘e provinsje Fryslan. It Liet-bestjoer frege us doetiidske produsint Ivan Pel om, mei in lyts ploegje oare minsken, de nedige kontakten te lizzen en nije lieten yn Europeeske minderheidstalen op te spoaren.
Liet Ynternasjonaal 2002: Pomada
De earste edysje fan Liet Ynternasjonaal makke in soad los. Grutte krantekoppen fan Galisie yn Spanje oant Skotlan en Denemarken. BBC World en CNN makken reportaazjes en stjoerden dy de wrald oer, de Frankfurter Algemeine Zeitung skreau sels in side fol oer Minderheidssprachen mei Liet Ynternasjonaal as oanlieding. De sfear wie ek bysunder. Elts dy’t der by wie wist: hjir bart wat bysunders. De earste winner wie ek bysunder: it Katalaanske trio Pomada mei it numer En Pere Galleri. De Sami-suskes fan Angelit makken ek yndruk en waarden twadde. Oare opfallende dielnimmers wiene under oare Stoneage ut Bretanje en de Kasjubyske bands Heczh. Ek histoarysk – want ienmalich – wie de Noardfryske fertsjintwurdiging yn de foarm fan de band Da Antremantere. De Ierske band soarge foar hilariteit troch harren namme: Le Cheile Trio. Net alle muzyk wie fan it hege nivo fan lettere edysjes, mar Liet Ynternasjonaal hie wol wat losmakke en elts dy’t hjirby belutsen wie wist; dit moar faker.
Liet Ynternasjonaal 2003: Transjoik en Gwenno
Yn 2003 wie Ljouwert wer it toaniel foar Liet Ynternasjonaal. It muzikale nivo wie al better mei bysundere bijdragen fan under oare de Sorben yn Dutslan (Istvan Kobjela en de Z-maschine!). De earste Sami-winner Transjoik makke grutte yndruk mei harren numer Mijajaa. De publykspriis gie nei de Kornyske sjongeres Gwenno, dy’t om ferskate redenen yndruk makke op benammen de oanwezige manlju. De Katalanen stjoerden mei Dept! in goeie rockband, mar se wunen net en soene letter ek net wer ynstjoere.
Liet Ynternasjonaal 2004: Niko Valkeapaa
Yn 2004 wie it in skoftlang mar de fraach oft Liet Ynternasjonaal wol trochgean koe. It jild wie op. Deputearre Mulder die de utspraak ‘In oare regio moat it no mar oernimme’. En alhoewolt efter de skermen de lobby al lang begun wie, wiene der noch gjin konkrete ofspraken. Provinsjale steaten hakke de knoop troch en jouwe liet in ienmalige subsudzje foar Liet Ynternasjonaal. It gefolch wie dat it festival halje-trawalje yn seis wike tiid organisearre waard. En dochs waard it in butengewoane edysje mei kleurrike dielnimmers as de Galisyske sjongeres Uxia, winner Niko Valkeapaa ut Laplan, Kosovni Odpadki ut Friulie, Bombes 2 Bal ut Oksitaanje en it alderleste optreden fan de Bretonske band EV op Fryske boaiem.
Kontakten waarden ek lein. De Sami funen it nei de dubele winst fan 2003 en 2004 eins heech tiid om Liet Ynternasjonaal nei it noarden te heljen. Mar hoe dogge je soks yn in plak as Kautokeino, der’t gjin hotel of teater is? De oplossing waard fun yn de foarm fan de organisaasje SWEBLUL, in gearwurkingsferban fan alle minderheden yn Sweden. In delegaasje fan SWEBLUL wie te gast op Liet 2005 en sei ta it festival nei Sweden te heljen. Yn Sweden wie de sted Ostersund, midden yn Sweden oan de Storsjo yn it uterske suden fan Sweedsk Laplan, it meast entusjast, dat der koe it heve yn de hjerst fan 2006. Stichting Liet ‘91, en benammen Onno Falkena en Ivan Pel, wiene nau by alle tariedings belutsen.
Liet Lavlut 2006: Johann Kitti/Elin Sara Baehr en Liza
It waard in bysundere jun yn it smuke teater fan Ostersund. Liet-Lavlut, sa’t Liet der neamd waard, waard live yn hiel Skandinavie utstjoerd troch de radiostjoerders P2 en Samiradio en boppedat opnommen troch de Sweedske publike omrop. De dielnimmerslist mocht der weze: ArbeGarbe ut Friulie, Narf ut Galisie, sjongeres Liza ut Oksitaanje – de winneres fan de publykspriis – de Votyske band Raud Ants ut Estlan en sigeunerband Karavan Familia ut Hongarije. Fryslan waard entusjast fertsjintwurdige troch Van Wieren. Sjonger Robbie van Wieren luts foar de gelegenheid in pompebledejaske oan. In stevige delegaasje oan Fryske bestjoerders en media reizge mei nei Sweden. Wethalder Yvonne Bleize fan Ljouwert rekke hjir befreone mei Robbie van Wieren en soe letter mei him U2’s One opnimme as ‘Ien’. Liet-Lavlut wie in Boppeslach; it festival hie yn alle Sweedske kranten stien, al funen guon kranten it ‘mear polityk as kultuer’, de seal wie utferkocht en it wie op radio en televyzje. En wer wunen de Sami: de jonge joikers Johann Kitti en syn nicht Elin Sara Baehr giene der fantroch mei de sjurypriis. De afterparty’s mochten der ek weze. Omdat it sjongfestival – fanwege de live radioutstjoering – betiid op ‘e jun wie, waard der nei de tiid dineard en oanslutend muzykmakke yn de rockkelder fan it teater. It bleau noch in moai skoft unrestich yn de haadsted fan Jamtlan….
Laulun-Laulut 2007: Mordens en Surunmaa
Yn 2007 wiene der kontakten yn Oksitaansje dy’t ut taseine it festival te organisearjen. In grutte Oksitaanske sted yn it suden fan Frankryk sei de nedige finansjele stipe ta….om dy letter wer yn te luken fanwege oare prioriteiten. Liet ferlear de konkurrinsje fan in sportevenemint. It makke Stichting Liet dudlik dat je eins allinnich mar saken dwaan kinne mei partners dy’t je goed kenne en dat boppedat in lange-termyn planning needsaak is om de finansiering fan Liet Ynternasjonaal te regeljen. Dochs barde der wol it ien en oar yn 2007. Yn it Sweedske plakje Pajala, fier boppe de poalsirkel, organisearre Birger Winsa ut namme fan SWEBLUL Laulun-Laulut, in sjongfestival foar alle minderheden fan Skandinavie, Ruslan en it Baltysk gebiet. Dit sjongfestival waard wun troch de Mordvinyske band Mordens ut de sted Saransk, in teatrale groep dy’t bysundere folkrock mei opera-ynfloed makket. De publykspriis wie foar de groep Surunmaa, dy’t Meankieli-tangomuzyk makket.
wurdt ferfolge……..












