Liet 2009

Songfestival Liet Ynternasjonaal

Sjongfestival Liet International wurdt op sneon 31 oktober hâlden yn stedskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Liet Ynternasjonaal is yn 2002 yn Fryslân betocht en ûntwikkele om eigentiidske bands dy’t yn in minderheidstaal zingen in ynternasjonaal poadium te jaan. Yn sân jier tiid is Liet Ynternasjonaal útgroeid oant in alternative tsjinhinger fan Eurovisie, dêr’t sjonge yn it Ingelsk ferbean is. Liet Ynternasjonaal wurdt organisearre troch de Fryske Stichting Liet Ynternasjonaal yn oparbeidzjen mei ferskate bûtenlânske partners.

It ynternasjonale netwurk fan Stichting Liet International groeit yn in heech tempo. Fan de alve dielnimmers oan Liet Ynternasjonaal komme der sân nei Ljouwert as winner fan in songfestival yn harren eigen regio.